Friezen op Eurosonic: "Hiel belangryk showcasefestival"

© Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk
Woansdeitejûn set it muzykfestival Eurosonic/Noorderslag yn Grins útein. "It is ien fan de belangrykste showcasefestivals yn Europa", seit de Dokkumer Jaap van der Velde. Hy is de frontman fan The Homesick en Korfbal. Mei beide bands spilet hy de kommende dagen yn Grins. It binne twa fan in grutte groep Fryske artysten dy't op it festival spylje. We sjogge foarút mei him, mei Peter Sijbenga (It Dockumer Lokaeltsje) en mei Esther de Jong.
The Homesick en Korfbal
"Sjochst op dit soarte festivals in hiel protte managers, festivalprogrammeurs en oare minsken mei kaartsjes om 'e nekke rûnrinnen", seit Van der Velde. "Dy komme út hiel Europa, dus ast it goed dochst, dan hast kâns datst frege wurdst foar oare Europeeske festivals." It ôfrûne jier stie The Homesick al op lyksoartige showcasefestivals yn Ljubljana, Tallinn en Wenen. Dat hat fertuten dien. "Wy wolle wat faker bûten Nederlân spylje en dat slagget al hieltyd better. Yn septimber en oktober ha we al troch Europa toerd. Earst yn Ingelân, letter yn Poalen en op de Balkan. Dat wie hiel slagge." Senuweftich is Van der Velde net. "Dit is gewoan leuk om te dwaan. Wy spylje hjoed yn VRIJDAG en tongersdei yn News Cafe. Dat binne lytse saaltsjes. En dat is moai, want ik hoopje dat it dan hielendal fol stiet."
The Homesick spilet woansdei om 22.10 oere yn VRIJDAG en tongersdei om 21:25 yn News Cafe; Korfbal spilet yn de nacht fan sneon op snein om 01.00 oere yn De Oosterpoort
It Dockumer Lokaeltsje
De Ljouwerter punkers fan It Dockumer Lokaeltsje stienen in hiele tiid lyn alris op it festival. "Dat wie yn 1988 en it wie kloaten", seit sjonger en bassist Peter Sijbenga. "Yn plak fan de basgitaar hie ik in piano mei. In hiel soad details wit ik net mear, mar wy binne no wol in stik better. Doe spilen we allinne op adrenaline. No ha we mear ûnderfining en wat rêst yn de tarieding. De spanning foar in optreden is der noch wol hieltyd." Eurosonic/Noorderslag is boppe-al in festival foar jonge, begjinnende bands. Dus wat hat in band as It Dockumer Lokaeltsje dêr no krekt te sykjen? "Neat, gewoan lekker spylje. It moat muzikaal in moai jûntsje wurde. Us band hat der hast tritich jier net west, mar minsken sizze dat ús muzyk noch like aktueel is." En it liket der earst net op dat de band wer ophâlde sil. Sijbenga: "De muzyk is de driuwkrêft. It skriuwen fan nije nûmers foldocht en salang't it gefoel der noch is, bliuwe we moai bestean. No tongersdei even repetearje en dan sneon spylje."
It Dockumer Lokaeltsje spilet sneon om 13.50 oere yn Brouwerij Martinus
Esther de Jong
Ien dy't yn tsjinstelling ta Jaap van der Velde wol senuweftich is, is Esther de Jong. "Ja, echt heel zenuwachtig. Ik maak al best lang muziek, maar sinds vorig jaar heb ik wat dingen veranderd, dus het is nu dubbel zo eng." Oft se nei dit showcasefestival direkt kontrakten tekenje kin by managers en festivals, dat tinkt se net. "Maar het is vooral de exposure die belangrijk is. Ik heb wat mensen gemaild of ze willen komen kijken naar mij, zoals een paar festivals en de managers van Lucky Fonz III en Wende." Se hat no noch gjin manager dy't soks foar har docht. "Nee, ik ben beginnend muzikant, haha. Maar ik hoop me hiermee wat op de radar te spelen." En it is foar De Jong net allinnich har optreden fan woansdeitejûn dat belangryk is. "Ik blijf hier gedurende het hele festival. Er zijn allemaal workshops, lezingen en hier zijn ook professionals. Hopelijk kan ik m'n netwerk hier wat uitbreiden."
Esther de Jong spilet woansdei om 21.00 oere yn Brouwerij Martinus