Fandalen slope ferkearsbuorden

10 jun 2012 - 13:47

Yn Snits binne sneontenacht twa manlju (25 en 27) út Denekamp oanhâlden. Se hellen ferkearsbuorden oan de Oppenhuizerweg los. Doe't de plysje kaam, stie der in groepke mannen. Dy seinen neat fan de fernielerij fernommen te hawwen. Yn de buert waarden wol trije ferkearsbuorden fûn. It duo bekende har aksje. Se binne bekeurd. De oaren moasten de buorden wer teplak hingje.

Trefwurden: 
Snits plysje fandalisme
(advertinsje)
(advertinsje)