Beswier tsjin oanlis natuerbegraafplak Rûgehuzen ôfwiisd

17 jan 2018 - 12:07

De Ried fan Steat hat beswieren tsjin de oanlis fan in natuerbegraafplak by Rûgehuzen ôfwiisd. De Stichting Gaasterlân Natuerlân hie de beswieren yntsjinne. Diels wiene se dêr neffens de Ried fan Steat te let mei, dy beswieren waarden dan ek net-ûntfanklik ferklearre. De beswieren dy't yntsjinne wiene tsjin wizigingen fan it plan hat de Ried fan Steat wol behannele, mar dy beswieren binne ôfwiisd. It gie dêrby ûnder oare oer de djipte fan begraven.

(advertinsje)
(advertinsje)