Ljouwert hat minder earmoed, mar stiet noch yn lanlike top

17 jan 2018 - 11:41

It tal minsken dat yn earmoed libbet yn Ljouwert is de ôfrûne twa jier nei ûnderen gien, mar de gemeente stiet lanlik sjoen noch wol yn de top tsien. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. It CBS hat it tal earmoedgefallen fergelike mei dat yn 2014. Doe siet sa'n 15 prosint fan de Ljouwerters op de earmoedgrins, ferline jier wie dat sa'n 12,5 prosint.

De delgong dy't der yn Ljouwert is, is der ek yn de rest fan de Fryske gemeenten. Gemiddeld sit yn ús provinsje sa'n 7,5 prosint op de earmoedgrins, yn 2014 wie dat sa'n tsien prosint.

Trefwurden: 
earmoede Ljouwert CBS
(advertinsje)
(advertinsje)