Gemeente Smellingerlân keapet âld suvelfabryk Aldegea

17 jan 2018 - 11:43

De gemeente Smellingerlân keapet it eardere suvelfabryk yn Aldegea. De gemeente docht dat om plannen út it doarp om it fabryksterrein op te knappen mooglik te meitsjen. In lokale inisjatyfgroep wol it gebiet om it fertutearze fabryk hinne ynrjochtsje as moaie yntree fan it doarp, benammen foar wettersporters.

De eksploitaasje fan it fabryk wie dreech en dêrom hat de gemeente it fabryk no foar 2,5 ton kocht. Op dy wize kin dit de ûntwikkeling fan nije plannen net yn it paad sitte. Yn totaal is der 1 miljoen euro beskikber foar it útfieren fan de plannen. In bedriuw sil no ûndersykje wat de mooglikheden binne fan it markante gebou. De mooglikheden rinne útien fan nije ekonomyske ynfolling oant sloop. De útkomsten fan it ûndersyk wurde op 14 febrewaris presintearre.

(advertinsje)
(advertinsje)