Doarpsbelang Bitgum net bliid mei wizige plannen boubedriuw

17 jan 2018 - 11:37

Doarpsbelang Bitgum is net bliid mei it nijs dat boubedriuw Lont yn it plak fan seis keapwenten, hierwenten yn it nijbouplan Fjildsicht bouwe wol. Der soenen te min minsken wêze dy't in keapwenning ha wolle.

Tusken trije keapers en it boubedriuw is in skeel ûntstien, no't it boubedriuw de keap weromdraaie wol. Doarpsbelang is hjir op tsjin. Sy sjogge leaver dat der keapwenningen yn de starterskategory komme: ''Wy wienen o sa bliid mei de keapers en wienen ferrast troch it nijs dat Lont de plannen oanpast hat. We ha belang by starters en jonge gesinnen, mei om't kommende wike ús nije skoalle de doarren iepent'', seit foarsitter Sybe Bloem.

It bestjoer fan doarpsbelang Bitgum hat by Lont en de ferkeapjende makeler oanjûn dat sy wol helpe wolle mei de promoasje fan it plan. Bloem hat der alle fertrouwen yn dat dan ek de lêste wenten sa ferkocht binne. Neffens Bloem bestiet it nijbouplan fierder út keapwenten en soenen hierwenten hjir net by passe.

(advertinsje)
(advertinsje)