Ljouwert is bêste fytsgemeente yn Fryslân

Fytsen © Omrop Fryslân
Fytsers binne yn Fryslân it bêst ôf yn de gemeente Ljouwert. Dat docht bliken út in enkête dy't it Fytstersbûn hâlden hat.
Minsken dy't oan de enkête meidien hawwe, jouwe Ljouwert gemiddeld in 3,7. Se hawwe dêrby ûnder oare in oardiel jûn oer it ûnderhâld fan de fytspaden en oft der ûntspannen fytst wurde kin.
Harns komt yn de enkête mei in 3 as minste Fryske fytsgemeente út de bus. Der koe by de enkête op syn meast in 5 helle wurde.