Grinzer sûnder rydbewiis pakt
In Grinzer (19) is sneontejûn by Dokkum oanhâlden. Op de Lauwersseewei joech de plysje him in stopteken. De jonge hie gjin rydbewiis by him. Op it buro die bliken dat er gjin jildich rydbewiis hie en dat syn auto ûnfersekere wie. Ut in blaastest kaam nei foaren dat er tefolle dronken hie. Hy mocht trije oeren net ride en krijt in proses-ferbaal.