Kearslûzen op 'e nij ticht fanwegen stoarm

17 jan 2018 - 10:37

De provinsje slút wer tydlik in tal kearslûzen. Dat hat te krijen mei de stoarmferwachting. De sluzen gean tongersdeitemiddei om trije oere ticht en bliuwe dat oant freedtemoarn alve oere. It giet om de kearslûzen Goaiïngaryp, De Broek, Lange Sleat en de Jouster slûs.

It is de twadde kear dit jier dat de kearslûzen tichtgean.

Trefwurden: 
kearslûs stoarm
(advertinsje)
(advertinsje)