Auto bedarret yn de sleat by Tsjom

Op de Wommelserwei yn Tsjom rekke in auto yn de sleat © CAMJO Media
In auto is woansdeitemoarn by Tsjom yn 'e sleat bedarre. De auto rekke troch noch ûnbekende oarsaak op de Wommelserwei fan de dyk en yn it ûndjippe wetter. Ferskate helptsjinsten, dûkers en oerflakterêdingsteams waarden oproppen om help te ferlienen, mar úteinlik hoegden allinnich de brânwacht fan Wommels en Frjentsjer yn aksje te kommen. It is noch net bekend oft der ien ferwûne rekke is.