Angels en fiskark rôversguod

10 jun 2012 - 13:27

Dieven ha freedtejûn taslein yn Aldehaske. Ferskate berchhokjes op in rekreaasjegebiet oan de Badweg binne iepenbrutsen. Ut ien dêrfan is fiskark stellen. It is ûnbekend wat út de oare hokjes mist. Earder dizze wike die in frou ek al oanjefte fan stellerij fan fiskark út har berchhok op itselde terrein. Ut in hok oan de Bjirkewei yn Twizelerheide is freedtenacht ek fiskark stellen.

De plysje ûndersiket ek de stellerij fan in griene stielen skou fan goed 5 meter. De skou lei yn de Dokkumer Ie yn Ljouwert.

Trefwurden: 
plysje stellerij
(advertinsje)
(advertinsje)