Fryske plysjesjef op resepsje by de kening: "Heel bijzonder"

17 jan 2018 - 09:33

Fjirtich plysjeminsken wienen tiisdei te gast by de nijjiersresepsje fan kening Willem-Alexander yn it keninklik paleis yn Amsterdam. Ien fan harren wie de Fryske plysjesjef Sylvia te Wierik. "Dit was heel bijzonder!", seit Te Wierik. "Alleen al de uitnodiging vond ik heel bijzonder." Se waard foarich jier belle mei de útnûging om derby te wêzen. Se tocht yn earste ynstânsje dat it om in grap gie.

"Kippenvel"

De plysjes waarden by de resepsje yn it sintsje set troch de kening. "Hij sprak zijn waardering en respect uit voor het werk dat wij doen en voor onze mensen", seit Te Wierik. "Ik kreeg kippenvel van de manier waarop hij zijn waardering uitsprak voor de politie. Wij zullen deze boodschap doorgeven aan de collega's."

Kulturele Haadstêd

Yn de taspraak joech de kening ek oan grutsk te wêzen dat Ljouwert dit jier Kulturele Haadstêd is fan Europa. Hy joech oan út te sjen nei de iepening, dêr't er mei syn frou Maxima by oanwêzich wêze sil.

(advertinsje)
(advertinsje)