Searje ynbraken yn Makkum

Ynbraak © Omrop Fryslân
Op fiif plakken yn Makkum is freedtejûn ynbrutsen. Ut it klupgebou fan de tennisferiening oan de Klipperstrjtte is in mobile telefoan meinaam. Yn deselde strjitte is ynbrutsen by de keatsklup, dêr is neat stellen. Fierderop yn de strjitte is ek yn it MFC ynbrutsen. Dêr is in klûs en jild stellen. Sneontejûn is by twa bedriuwen oan De Voorn yn Makkum ynbrutsen. Dêr miste jild, in laptop en audio-apparatuer.
Yn Wytmarsum is freedtejûn ek yn it klupgebou fan de tennisferiening ynbrutsen. Doarren binne stikken makke, mar der mist neat.