Harns foldien mei belangstelling foar haven

17 jan 2018 - 08:07

Nei jierren fan delgong, litte de meast resinte sifers no sjen dat de belangstelling foar de haven fan Harns stabyl is. "De crisis is nu echt voorbij", seit wethâlder Maria le Roy fan Harns. Ut it jierferslach fan 2017 docht bliken dat der benammen troch de binnenfeart mear guod oanfierd wurdt. Fiskersboaten komme der krekt wer wat minder.

Sifers

De oerslach fan guod yn de Harnzer haven is it ôfrûne jier mei 11 prosint omheech gien fan 3,7 ton nei 4,1 ton. It oandiel fan de seeskipfeart yn de totale oerslach is 43 prosint. Der is it ôfrûne jier wol minder sâlt oerslein. Wat de binnenfeart oanbelanget is der mear gasoalje, sân en skulpen oerslein. De oerslach fan de Noardsee- en Waadseefiskers daalde mei 8 oant 14 prosint. It oantal sylskippen mei passazjiers dat Harns oandie gie licht nei ûnderen fan 989 nei 932, mar dêr stiet tsjinoer dat it oantal riviercruiseskippen fan 40 nei 49 gie. Yn 2017 die ien seecruiseskip Harns oan.

Groei

"Ik ben al met al heel tevreden met de cijfers. Je ziet dat de jaren van minder aanloop op de haven nu gekeerd is. Dat zien we al een paar jaar en dat geeft in 2017 een stabiel beeld", seit Le Roy. It is de bedoeling fan de gemeente om de kommende jierren yn te setten op groei fan de haven. Sa wol it kolleezje fan b. en w. 3 miljoen euro brûke foar in nije steger yn de fiskerijhaven.

Trefwurden: 
Harns haven Maria Le Roy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)