Doeken teaterselskip stellen
Op Skylge binne freedtejûn of freedtenacht trije kanvasdoeken stellen. De doeken fan 1,5 by 3 meter grut wiene fêstmakke oan tinten op it parkearplak fan de Boschplaat. Se binne fan in teaterselskip út Utrecht dat dwaande is mei in foarstelling foar Oerol. De plysje ûndersiket de stellerij en freget tsjûgen har te melden.