Kollum: "Nep-nijs"

"It kin net oars as der stie moandei in nep-nijsberjochtsje yn de krante. Der stie dat de FNP yn de gemeente De Fryske Marren wol dat as de gemeente tenei tastimming jout foar de ferbou fan dakken fan hûzen, soks inkeld mei ûnder de betingst dat der sa folle mooglik romte komt foar fûgeltsjes. Eins moat der soarge wurde, seit de FNP, dat 'fûgelfides' mooglik makke wurde. Ik ha it parseberjocht fan de FNP Fryske Marren net lêzen, en harren webside is in pear jier lyn al ferlitten, dus ik wit net wat it Fryske wurd foar fûgelfide is. In fide is, sa't de wat rikere minsken miskien witte, dat je in iepen romte boppe de trep ha. Dan kinne je sa fan ûnderen út de hal wei yn ien kear nei de isolaasje ûnder dakpannen sjen.
En ja, der binne minsken dy ha fûgeltsjes yn sa'n fide omfleanen. Guon ha dêr griene parkiten loslitten, mar meastal is der in gatsje wêrtroch't dy fûgeltsjes fan bûten ôf yn dy fide komme kinne. Fûgeltsjes hâlde fan ferwaarming en yn dy hege hûzen giet de waarmte moai nei boppe ta. Al dy fûgeltsjes, al of net mei opset dêr kaam, wurde ôfsketten. Ja, elke kear dy fûgel te skiten yn de kofje, dat wol ek net. Mar yn de gemeente De Fryske Marren, dêr't safolle túntsjes binne, weryn't de fûgels in hearlik plakje fine kinne, dêr moatte fûgelfides komme.
Of dakpannen, dy't noflik makke binne foar fûgels. Bedoeld wurdt dat se dêr dus moai ûnder wrotte kinne, sadat wý elke maaitiid dat getwieter en getsjotter krekt boppe it bêd ha. Jonge fûgels sliepe nammentlik net, dat moat se noch leare, dy twieterje en tsjotterje om fretten. En de senioarefûgeltsjes fleane har it rambam mei michjes yn de bek en dy moatte dus elke kear hinne-en-wer ûnder dy dakpannen wrotte.
It Nederlânske folk is tefreden oer haren eigen seks, mar yn de kategory dêr't moskjes ûnder de dakpannen sitte te twieterjen is dat minder. En dy mosk twietert no it Frysk folksliet. De FNP yn De Fryske Marren soe it dêr nammentlik ha kinne oer de trije moanne dat je noch omkloaie moatte by dat gedoch op de diken dêr, of oer it alkoholferbod foar jongeren yn de omjouwing fan kafees, it mei dus inkeld noch yn de keten; mar nee de FNP hat it oer fûgels ûnder de dakpannen. Of yn fûgelfides.
It móát nep-nijs wêze. En ik ha der alle bewûndering foar, want soks kinne je net betinke. Ik tink sels dat in net-FNP'er it betocht hat, fanwegen de ferkiezingen. Dan kin der elke ferkiezingsjûn earst efkes gol lake wurde, foardat je oergeane op swiere diskusjes oer it behâld fan ynsekten foar de fûgels. Nep-nijs. Foarbyldsje. De kommersjeel manager by SC Hearrenfean stapt op. Hy seit dat hy fuort móast en de algemien direkteur seit dat hy fuort wóe. Wa fertelde no it nep-nijs? En dat der efkes letter alwer ien fuortgie, nei njoggen dagen. Mar dat wie om persoanlike redenen, ja dan meie je net fierder freegje. En as se sels ek neat seit, dan hâlde nijs en nep-nijs wer op.
Mar dan Thierry Baudet. Dy seit dat it nijs fan wittenskippers dy't sizze dat de ierde oan stront giet fanwegen de CO2, nep-nijs is. Mar dan makket hy sels ek wer nep-nijs troch te sizzen dat waarman Gerrit Hiemstra ûntslein wurde moat by de NOS, om't dy dêr publyklik ek seit dat de ierde hieltyd waarmer wurdt. Dat meie waarmannen neffens Baudet net dwaan. Mar dan seit Gerrit Hiemstra dat it nep-nijs is as je sizze dat alle wittenskippers net doge. Dan bringt Baudet it nep-nijs dat hy diskusjearje wol mei Hiemstra. En dêrfan seit Hiemstra dan wer dat hy der gjin sin oan hat om mei soksoarte hapsnurkers oer eat yn diskusje te gean wat al fêststelt is, mar foar ditsoarte minsken wer net, en dat dy dus inkeld nep-nijs brûke.
Begripe jim der noch wat fan. Nee. Dan ha 'k noch leaver dat op 'e Jouwer de FNP-leden mei in fûgelkoai by de doarren lâns gean yn de ferkiezingskampanje en freegje oft dy fûgel ek wat yn harren fide omfleane mei."