Holwert oan See kiest foar meast ekstreme plan

17 jan 2018 - 07:03
  • Inisjatyfnimmer Marco Verbeek fan Holwert oan See

Holwert oan See kiest definityf foar it meast ekstreme plan om de diken by Holwert troch te brekken. It is ek it djoerste plan. Der moat goed 50 miljoen euro op it kleed komme. Oare opsjes wiene der ek. Dy gongen minder fier, mar dêr wurdt no fan ôf sjoen. Dat seit inisjatyfnimmer Marco Verbeek.

It is de bedoeling dat der yn 2025 in grut gat yn de seedyk by Holwert sit, en dat it sâlte seewetter dan oant it doarp ta komt. It plan Holwert oan See waard betocht yn de striid tsjin de krimp, mar it moat ek it toerisme en de natuer in ekstra ympuls jaan. "Mei it gat dat ûntstiet troch it trochbrekken fan de seedyk, ûntstiet de unike ferbining mei Wrâlderfguod de Waadsee", seit in posityf stimde Verbeek.

Trefwurden: 
Holwert oan see Holwert
(advertinsje)