"Komst Van der Valk-hotel in Heerenveen staat nog niet vast"

17 jan 2018 - 06:36

Neffens boargemaster Tjeerd van der Zwan is it hielendal noch net besletten dat Van der Valk in nij hotel bouwe mei op It Hearrenfean. Dat sei hy tiisdeitejûn op de ynformaasjejûn, dêr't Van der Zwan de plannen foar in nij hotel presintearre en omwenners hjirop reagearje mochten. It Van der Valk-konsern hat ynteresse yn de bou fan in hotel oan de A32 by Skoatterwâld en Oranjewâld. In protte ynwenners fan It Hearrenfean binne bang dat it beslút dêroer al naam is.

Op de ynformaasjejûn dy't tiisdeitejûn hâlden waard yn it Abe Lenstra Stadion, kamen mear as 500 minsken ôf. De tsjinstanners fan in nij Van der Valk-hotel binne bang dat der tefolle ferkearsdrokte komt. Skoatterwâld en Oranjewâld ha mar ien tagongswei en dêr komt it hotel oan te stean as de plannen trochgean. Ek fine se dat it hotel, mei in hichte fan 40 meter, te heech wurde sil. De foarstanners fine dat it Van der Valk-hotel der moai útsjocht en sjogge der nei út dat de bou úteinset.

Van der Valk is posityf

Paul van der Valk sjocht it hielendal sitten om it hotel op It Hearrenfean te begjinnen. Foar him is allinnich de lokaasje by Oranjewâld geskikt. "Wij hebben al 150 jaar ervaring en weten wat een goede plek is voor een hotel", seit van der Valk. Boppedat tinkt er dat de komst fan in hotel allinnich mar posityf wêze sil foar de regio: "De golf van gasten die de komst van ons hotel met zich meebrengt, zal er zelfs voor zorgen dat het Tjaarda-hotel zal meeprofiteren."

(advertinsje)