Harmonie Weidum siket stipe

harmonie
It doek falt takom jier foar Harmonie Weidum as der net mear finansjele stipe komt. It tal leden rint al jierren werom en de Harmonie stiet der finansjeel net bêst foar. In kommisje komt no mei aksjes om stipers te finen yn it doarp, mar ek ûnder âld-leden en bedriuwen. De kommisje hopet ek dat dy âld-leden wer lid wurde wolle fan Harmonie Weidum, dat stiet yn in brânbrief oan dy âld-leden.
Woansdei 13 juny is der in optocht troch Weidum om mear stipers te krijen.
De Harmonie bestiet út in fanfare en in malletband en is yn 1898 oprjochte.