Brân: gjin gefaarlike stoffen

01 nov 2011 - 10:36
Foto: Foto: Anton Kappers

Der binne moandeitejûn gjin gefaarlike stoffen frijkaam by in grutte brân yn Ljouwert by twa bedriuwen oan de Adoniswei. De finânsjele skea is grut.

De brûn bruts út by garaazjebedriuw Van Leeuwen en dêrnei sloech it fjoer oer nei it neistlizzende autobedriuw Seepma. De brânwacht ûndersiket noch wat de oarsaak is. By de brân binne ek tsientallen auto's fan partikulieren ferlern gien. Dy moasten noch reparearre of APK-keurd wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)