Swiere hagelbui: Auto op kop yn sleat by A7

© SR Fotografie
Op de A7 by Drachten is tiisdeitejûn in auto fan de dyk rekke troch glêdens. Dat barde om sawat tsien oere. Yn in swiere hagelbui ferlear de bestjoerder de macht oer it stjoer. De auto skode sa de sleat yn.
De bestjoerder rekke ferwûne by it ûngelok en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Troch it ûngelok hat ien rydbaan tydlik ôfsluten west foar it ferkear.