Buorlju Prikkedaam dogge oanjefte fan slimme deadsbedriging

16 jan 2018 - 22:40

De famylje dy't yn Makkingea njonken de crossbaan Prikkedaam wennet, hat by de plysje oanjefte dien fan 'slimme deadsbedriging'. De famylje wol net yngean op de ynhâld fan de bedriging. Dy soe 'te slim foar wurden' wêze. Al jierren sit de famylje yn in juridysk konflikt oer de oerlêst dy't de crossbaan jaan soe.

Neffens wethâlder Henk de Boer sit de deadsbedriging yn in anonime brief. De famylje is derfan oertsjûge dat dy út de rûnten fan de cross-klup komt. Foarsitter Wout van der Molen fan de motorklup seit dat er neat fan de bedriging ôf wit. Yn in kommisjegearkomste naam er der as ynsprekker neidruklik ôfstân fan. Van der Molen seit dat de bedriging him fernuveret, omdat sokke sentiminten op it sirkwy net spylje soenen. Neffens de famylje dy't neist it sirkwy wennet, is it net foar it earst dat der sprake is fan bedrigingen.

De wethâlder ropt alle belutsenen op om "mei respekt foarinoar" de dialooch oan te gean. Hy nûget de famylje en de motorklup út foar in petear, en wol sels wol bemiddelje. De foarsitter fan de motorklup sjocht dat wol sitten.

(advertinsje)
(advertinsje)