Rotterdammer oanhâlden foar brânstichting supermerk Ljouwert

Fertochte mei jerrycan
De plysje hat in 26-jierrige man út Rotterdam oanhâlden foar brânstichting by in supermerk oan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert, yn maart ferline jier. Dat meldt it programma Opsporing Verzocht. Dat programma hie ferline wike omtinken foar de saak. Der waarden ek kamerabylden toand. De plysje hat tsien tips binnenkrigen nei oanlieding fan de útstjoering.
De brânstichting wie yn in opslachromte tusken supermerk Ali en Sineesk restaurant Jasmine Garden. De opslach is ûnderdiel fan de winkel. Bewakingskamera's filmen twa manlju. Ien fan harren is no oanhâlden.