Aris kânsleas ûnderút tsjin Den Bosch

16 jan 2018 - 21:53
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan de Ljouwerter klup Aris binne tiisdeitejûn yn Den Bosch kânsleas ûnderút gien yn de kwartfinale om de nasjonale beker. Yn it earste kwart rûn Aris al tsjin in 25-19 achterstân oan. Dêrnei kamen de Ljouwerters der hielendal net mear oan te pas. Yn de rêst wie it 41-29, nei it tredde kwart 69-39, en de einstân wie 85-58.

Op 31 jannewaris is de returnwedstriid yn Ljouwert. Aris moat dy wedstriid mei grutte sifers winne om noch kâns te meitsjen op de heale finale.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)