Brânwacht oefenet letter fanwege echte brân

16 jan 2018 - 21:35

In oefening fan de brânwacht fan It Hearrenfean begûn tiisdeitejûn in bytsje letter, omdat in eintsje fierderop echt brân wie. Yn it gebou fan de eardere Rabobank oan it Boargemaster Kuperusplein wie in spoumuorre yn de brân flein. GrootHeerenveen meldt dat it fjoer nei alle gedachten ûntstien is troch slypwurksumheden.

It âlde bankgebou wurdt ferboud ta appartemintekompleks. De brânwacht wie der gau by en hie it fjoer flot ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
brânwachtoefening
(advertinsje)
(advertinsje)