Harnzers ûndersykje âlde aktes

10 jun 2012 - 11:00

De feriening Oud Harlingen begjint fan 't hjerst mei in grut ûndersyksprojekt. Mei it Harnzer gemeente-argyf wol de feriening de wichtichste gegevens oernimme út 9000 ferkeapaktes fan ûnreplik guod yn de Harnzer binnenstêd. De aktes komme út de perioade tusken 1597 en 1810. It is in soad wurk, om't faak net fuortendalik dúdlik is hokker gebou by in akte heart.

De measte aktes komme út in tiid dat der noch gjin strjitnammen en húsnûmers wiene. De gegevens út de aktes moatte in better byld jaan fan de skiednis fan Harns en fan famyljes.

Trefwurden: 
Harns skiednis akte
(advertinsje)
(advertinsje)