Oerfal op tankstasjon It Hearrenfean

Op It Hearrenfean is tiisdeitejûn in tankstasjon oerfallen. Dat wie oan it Boargemaster Kuperusplein. De plysje siket manmachtich nei ien oerfaller. Neffens in oprop op boargernet soe it gean om in blanke man fan sawat 50 jier. Hy is 1.90 meter lang en hat in giel-bêzje jas oan mei kapusjon, De oerfaller soe rjochting sintrum rûn wêze. It is net dúdlik wat de man bútmakke hat. De plysje freget minsken dy't tinke dat se de oerfaller sjogge, 112 te beljen.
It is de tredde oerfal yn koarte tiid yn Fryslân. Ferline wike waarden in supermerk yn Ljouwert en in snackbar yn Aldskoat oerfallen.