Kening sjocht dernei út om nei 'Ljouwert' te kommen

16 jan 2018 - 20:22

Kening Willem-Alexander is der grutsk op dat Ljouwert dit jier Kulturele Haadstêd fan Europa is. Dat sei er yn in nijjierstaspraak yn it Keninklik Paleis op de Dam yn Amsterdam. It jier 2018 is 'beloftevol', sei er, foaral foar de Friezen.

De kening sjocht der, krekt as de keninginne, nei út om oer oardel wike foar it iepeningsfeest nei 'Ljouwert' te kommen. Ljouwert dus, net Leeuwarden. 

"Beloftevol is dit jaar zeker ook voor de Friezen. We zijn trots op onze Culturele Hoofdstad van Europa 2018 Leeuwarden-Fryslân! Over anderhalve week komen mijn vrouw en ik graag naar Ljouwert om het openingsfeest mee te beleven. Het motto is Iepen Mienskip: een gemeenschap die openstaat voor de wereld."

(advertinsje)