Deputearre Kielstra: "It kin sa net langer mei de Ofslútdyk"

16 jan 2018 - 19:48

Foar deputearre Klaas Kielstra is de maat fol wat de Ofslútdyk oanbelanget. Neffens Kielstra bliuwt de Ofslútdyk de meast ûnbetroubere tagongswei nei Fryslân en moat de situaasje feroarje.

Stipe út Den Haag

Deputearre Kielstra wol dat der in definitive oplossing komt, mar hat dêr wol stipe út Den Haag foar nedich. "Der is yntusken unanym in moasje oannaam yn de Twadde Keamer dêr't yn stiet dat de minister yn gearwurking mei de provinsje Fryslân de Ofslútdyk oanpakke moat. Ik ferwachtsje dat dy moasje no ekstra urginsje kriget."

Moandeitemiddei stie it ferkear rjochting Noard-Hollân twaenheal oere fêst troch in steuring yn de Stevinsluzen. Der binne faker problemen op de Ofslútdyk, mar meastentiids is dat yn de simmer. No dogge de problemen harren dus ek yn de winter foar.

(advertinsje)
(advertinsje)