Min plysjeûndersyk, justysje easket frijspraak

16 jan 2018 - 18:41

Troch tunnelfisy en in min ûndersyk fan de plysje is in 52-jierrige frou fan It Amelân frijsprutsen fan stellerij. Neffens har advokaat skeat it plysjeûndersyk oan alle kanten tekoart.  De frou waard derfan fertocht dat se as winkelmeiwurker jild út de kassa helle hie, mar de plysje hie net ien fan har kollega's heard. Der wiene gjin kamerabylden en de frou wie ek net op 'e die trappearre. En se ûntkende. 

Dat har namme brûkt wie om op de kassa yn te loggen, wie neffens de rjochter net genôch bewiis om de frou te feroardieljen. It soe foar har kollega's hiel maklik west hawwe om op har namme te brûken. Mei de frijspraak folge de rjochter de eask fan de offisier fan justysje. De winkeleigener hie in skeafergoeding easke fan goed 18.000 euro. Dy hoecht de frou net te beteljen.

(advertinsje)
(advertinsje)