Postma pakt brûns yn Weymouth

09 jun 2012 - 18:11

Finn-siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat sneon by it wrâldbeker silen yn Weymouth brûns helle. Yn de medaljerace einige Postma as fyfde en klom dêrmei nei it tredde plak. De winst by de manlju wie foar de oppermachtige Brit Giles Scott. Twadde waard de Ben Ainslie, ek út Ingelân.

Marit Bouwmeester waard úteinlik fyfde yn de Laser Radial. De sylster út Warten gong as sechsde de medaljerace yn. Nei in poerbêste start soarge in straf der foar dat se nei it sechsde plak sakke. Uteinlik wist se yn it einklassemint noch ien plakje te klimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)