Fryslân wol bêste regio wurde yn sirkulêre ekonomy

16 jan 2018 - 17:59

Fryslân moat yn 2025 de de bêste regio fan Nederlân wêze wat de ûntwikkeling fan sirkulêre ekonomy oanbelanget. Boppedat moat ús provinsje tsjin dy tiid by de top 3 fan Europa hearre op dat gebiet. It tal bedriuwen dat fertsjinnet oan de sirkulêre ekonomy moat de kommende twa jier ferdûbelje. Dat binne de tige ambisjeuze doelstellings dy't de provinsje tiisdeitemiddei presintearret yn de beliedsbrief 'sirkulêre ekonomy'. Foar Fryslân lizze der kânsen op it mêd fan lânbou en wetter, seit deputearre Schrier.

(advertinsje)
(advertinsje)