Spesjale soarchoplieding moat mear meiwurkers opsmite

16 jan 2018 - 17:57

It binne grutte problemen yn de soarch: te min hannen oan it bêd en dreech te ferfoljen fakatueren. Om dizze saken op te lossen, biedt in wensoarchsintrum fan Patyna yn Warkum tenei in spesjale oplieding oan. Bygelyks foar minsken mei in útkearing, of statushâlders dy't yn de soarch wurkje wolle. Tiisdei wie de earste lesdei foar in klasse fol minsken út alle hoeken fan de wrâld. Sa komme der minsken út Oekraïne, Brabân en Fryslân.

"Wat we gemerkt hebben, is dat het lastig is om aan mensen te komen die willen werken in de zorg", fertelt lokaasjemanager en inisjatyfnimmer Marcel van der Meulen. "Vacatures die we uitzetten worden niet opgevuld en daarom hebben we een eigen systeem bedacht om mensen te trekken.'' Patyna biedt in oplieding fan in jier en jout de learling in fêst kontrakt, as se harren diploma helle ha.

Staazje

Yn oktober binne de learlingen begûn mei in staazje op ferskate lokaasjes fan Patyna. Se mochten earst sjen oft it wurk moai wie. Anja Tine Adema is ien fan de learlingen dy't har staazje rûn op in oare lokaasje yn Kollum. Se fynt dat it wurk in soad foldwaning jout. "Ik haw mantelsoarger fan myn pake west en dat fûn ik tankber wurk, dat ik de soarch yn woe", fertelt se. Yn 'e takomst hopet se fersoargjende IG'er te wurden. Se mei dan minsken fersoargje dy't harsels net mear rêde kinne.

Wethâlder Stella van Gent hat tiisdei de oplieding iepene yn it wensoarchsintrum fan Patyna yn Warkum.

Trefwurden: 
soarch oplieding Warkum
(advertinsje)
(advertinsje)