FVC wint Midsimmercup Dronryp

09 jun 2012 - 17:52

De fuotballers fan FVC hawwe sneon de njoggende edysje fan de Midsimmercup yn Dronryp op harren namme skreaun. Op sportfjild De Ring waard in spannende finale tusken FVC en De Lemmer úteinlik mei strafskoppen beslist yn it foardiel fan de ploech fan coach Jeroen Zomers.

By de froulju gong de titel nei Drachtster Boys, dat oertsjûgjend mei 4-0 wûn fan Be Quick Dokkum.

Trefwurden: 
fuotbal Midsimmercup
(advertinsje)
(advertinsje)