Famke (15) net goed nei drankmisbrûk. Wa hat skuld?

16 jan 2018 - 17:47

It is ien fan de feesten dêr't learlingen fan it gymnasium fan OSG Piter Jelles nei ta libje, hielendal yn harren eksamenjier: 'De Grote Fuif'. Mar yn de nacht fan sneon op snein fynt der in ynsidint plak nei ôfrin fan it feest yn De Harmonie dat organisearre waard foar fjirde oant sechsdeklassers. Dat wie op de afterparty yn Club Red.

Bantsje

De Ljouwerter diskoteek Club Red makket ûnderskied tusken jongerein boppe en ûnder de 18 jier. By de doar moatte sy dy't jonger binne as 18 jier in alkoholtest dwaan. Hawwe se tefolle dronken, dan komme se der net yn. Under 18 krije de learlingen boppedat in bantsje om. Yn de diskoteek wurdt ek rekken hâlden mei de minderjierrige skoalbern en de âldere feestbeesten. De learlingen dy't drank helje meie, moatte dat dwaan yn in romte dy't ôfsluten is en dêr't bern ûnder de 18 net komme kinne.

Pubergedrach

Op in stuit kriget de plysje in melding oer in 15-jierrich famke dat net goed wurden is. Se moat ôffierd wurde nei sikehûs MCL yn Ljouwert. En dat is de skuld fan Club Red, fynt de skoalle yn earste ynstânsje. Rektor Niesje Mooiman seit tiisdei yn it Friesch Dagblad: "Er is gefaald aan de deur." Mar dêr komt se letter op werom: "Ik moet afstand nemen van die uitspraak. Het is geen verwijt aan de discotheek. We hebben allemaal onze verantwoordelijkheid."  De rektor fynt dat it ynsidint net sa opblaasd wurde moat: "Het is gewoon pubergedrag. Daar moeten wij verstandig mee omgaan", sa seit Mooiman. It famke sit net op it Stedelijk Gymnasium, neffens de skoalle.

BH

Mar hoe koe it 15-jierrige famke oan drank komme? Neffens Club Red hie de puber de BH fol mei lytse fleskes drank. "Die moeten ze op de toiletten hebben opgedronken," sa seit eigener Sander van Essen. "De BH is de enige plek waar we niet mogen fouilleren".

De Fryske ôfdieling fan de Koninklijke Horeca Nederland fynt it ynsidint mei it famke ferskriklik. "Wij zijn een gastvrije industrie. We doen er alles aan om die reputatie waar te maken. Daar moet echter ook bij horen dat er onder 18 niet gedronken wordt, sa seit foarsitter Corné van der Erve tiisdei.

De gemeente Ljouwert hat yn petear west mei de diskoteek. Oft der ek maatregels folgje, is net dúdlik. Yn it ferline waard yn Ljouwert in kroech sluten nei't in famke har yn koma dronken hie.

Trefwurden: 
Club Red skoalfeest famke
(advertinsje)
(advertinsje)