Sytse Brouwer wurdt fraksjefoarsitter CDA yn Ljouwert

16 jan 2018 - 17:03

De CDA-fraksje yn Ljouwert wurdt fan woansdei ôf oanfierd troch in ynwenner fan bûten de stêd. It giet om Sytse Brouwer fan Stiens, dy't earder fraksjefoarsitter wie yn Ljouwerteradiel. Brouwer nimt dizze funksje oer fan Friso Douwstra, dy't opnij wethâlder wurdt.

De CDA-fraksje yn Ljouwert bestiet út fiif leden, út Ljouwert, Stiens, Wergea en Grou. By de ferkiezingen fan novimber ferlear de partij ien sit.

Trefwurden: 
CDA Ljouwert Sytse Brouwer
(advertinsje)
(advertinsje)