Museum-'Oscar' foar Alma Tadema-útstalling Fries Museum?

'Amo te, Ama me', de oaljeferveferzje fan 'A sollicitation', hong op de eksposysje yn it Fries Museum
It Fries Museum yn Ljouwert makket kâns op in priis dy't sjoen wurdt as de 'Oscar' fan de museumwrâld. De útstalling oer skilder Alma Tadema heart by de lêste trije oerbleaune nominaasjes foar de Global Fine Art Awards, de GFAA. Oft it Fries Museum de priis echt kriget, wurdt op 8 maart bekend. Dat sil heve op it Global Fine Art Awards-gala yn New York.
De útstalling yn Ljouwert telde mear as tachtich skilderijen fan Alma Tadema. Letter gie de útstalling ek noch nei Wenen en London. De musea dêr dogge ek mei foar de priis. Direkteur Kris Callens fan It Fries Museum is grutsk op it finaleplak en sjocht it as in ynternasjonale erkenning fan de kwaliteit fan it museum.