Barnstien oanspield op It Amelân

16 jan 2018 - 16:31

Op It Amelân wurdt op ít stuit in soad barnstien fûn. Barnstien is ferstienne hars ôfkomstich fan nullebeammen. Dy hars is miljoenen jieren ferlyn út beammmen dript en dêrnei hurd wurden. Trochsichtige, hurde barnstien wurdt as de moaiste fariant beskôge. Dêr wurde sieraden fan makke. Dy yn it Waadgebiet is faak minder hurd en minder trochsichtich.

Barnstien wurdt benammen yn it gebiet fan de Eastsee fûn. Mar ek op de strannen fan Denemarken spielt it oan, en op de Waadeilannen. Yn de Aldheid waard barnstien mei in soad winst ferkocht. 

Trefwurden: 
barnstien It Amelân
(advertinsje)
(advertinsje)