Teuben: ''Langsittende politisy It Amelân moatte opstappe"

16 jan 2018 - 15:54

Alle politisy dy't langer as acht jier yn de gemeenteried fan de gemeente Amelân sitte, soene eins opstappe moatte en Piet IJnsen foarop. Dat soe in ein meitsje oan de rebûlje yn de ried fan It Amelân dy't hieltyd wer opspilet. Dat fynt fraksjefoarsitter Rudolf Teuben fan Amelân '82. Syn partij is de grutte ferliezer nei moandeitejûn. De partij sei ferline wike it fertrouwen op yn kolleezjepartner Algemeen Belang Ameland, omdat ien fan riedsleden oerstappe wol nei it CDA.

De konsekwinsje is no lykwols dat der foar de perioade oant de ferkiezingen noch in nij kolleezje komt, mei Algemeen Belang Ameland, it CDA, de PvdA en de VVD. Amelân '82 falt bûten de boat en wethâlder Peter Pot moat ôfskied nimme.

Ald sear

Rudolf Teuben seit dat der tefolle 'âld sear' sit yn de ried. Sels is hy al sechstjin jier aktyf yn de ried, mar ferbynt oan syn eigen opstappen de betingst dat alle langsittende riedsleden fuort moatte soene. Piet IJnsen is sûnt 1982 aktyf as wethâlder en riedslid. Teuben fynt dat IJnsen mei-ferantwurdlik is foar it mislearjen fan de koälysje tusken Amelân '82 en ABA.

(advertinsje)
(advertinsje)