Auto's glide fan de Sintrale As yn hagelbui

16 jan 2018 - 15:42

Op de Sintrale As by De Falom binne tiisdeitemiddei yn in hagelbui auto's fan de dyk rekke. In autobestjoerder dy't ûnderweis wie yn de rjochting  Dokkum, rekke yn de slip. Hy bedarre mei de auto tsjin de fangrail en úteinlik stie de auto omkeard op de dyk. De bestjoerder kaam mei de skrik frij. De auto moast fuortsleept wurde.

Fierderop bedarre in auto yn de berm. De plysje hat ien fan de rydstroken tydlik ôfsletten yn ferbân mei de slippartijen.

Trefwurden: 
hagelbui De Falom Sintrale As
(advertinsje)
(advertinsje)