Bylden fan wapene oerfal op supermerk Ljouwert frijjûn

Twa oerfallers ha meiwurkers fan in supermerk yn Ljouwert mei in fjoerwapen bedrige by in oerfal, ôfrûne freedtejûn. Dat blykt út bylden dy't de plysje tiisdei nei bûten brocht hat. De oerfallers binne noch net pakt, de plysje ropt minsken dy't wat sjoen ha op om har te melden. By de oerfal is net ien ferwûne rekke.
De Fryske plysje set sûnt dit jier bylden fan misdriuwen faker en earder online. Hoe earder de minsken de bylden sjogge, hoe grutter de kâns dat se har noch wat herinnerje kinne fan it misdriuw. Sa hopet de plysje mear saken op te lossen. As it oan de plysje leit, komme der dit jier fan twa kear safolle saken bylden online as foarich jier.