Darter Noppert makket oerstap nei de PDC

16 jan 2018 - 15:22
Foto: Lawrence Lustig, PDC

Darter Danny Noppert fan De Jouwer makket definityf de oerstap nei it kommersjele dartbûn PDC. De 27-jierrige Noppert hat him ynskreaun foar it kwalifikaasjetoernoai, dat fan tongersdei oant en mei snein yn it Dútske Hildesheim hâlden wurdt. De ynskriuwtermyn foar dat toernoai is tiisdeitemiddei ferrûn. Yn totaal dogge der inkelde hûnderten darters út de hiele wrâld mei oan dat toernoai. Noppert besiket dêr in startbewiis binnen te heljen, wêrmei't er twa jier lang de toernoaien fan it profbûn ôfrinne mei. By de PDC spylje ferneamde Nederlânske darters as Michael van Gerwen en Raymond van Barneveld.

Utskeakele op Lakeside

Noppert makke syn beslút nei't er ferline wike woansdei yn de twadde ronde útskeakele waard op de Lakeside yn Ingelân. Dêrtroch kin hy oerstappe nei de PDC, sûnder dat er in part fan syn prizejild ynleverje moat by it oare dartbûn. In jier lyn stie Noppert noch yn de finale fan de Lakeside. Hie de Jouster dit jier wer de finale helle, dan wie de kâns grut dat er noch in jier wachtsje moast op de oerstap.

Njonken Danny Noppert dogge ek Michael Plooy fan Damwâld en Mats Gies fan Holwert mei oan it kwalifikaasjetoernoai foar de PDC.

Trefwurden: 
Danny Noppert darten PDC
(Advertinsje)
(Advertinsje)