Fryske bussjauffeurs net entûsjast oer nije cao

16 jan 2018 - 14:38

Hielendal út de skroeven mei it nije cao-akkoart foar it iepenbier ferfier? Nee, dat binne Fryske bussjauffeurs no net perfoarst. Yn de nije cao, dy't moandei presintearre is, binne ôfspraken makke oer in leansferheging fan 8,3 persint yn trije jier, fermindering fan de wurkdruk, de rol fan útstjoerkrêften en oplieding. It is de útkomst fan in massale staking earder dit jier foar in nije cao. Sjauffeurs kleie der boppedat oer dat se hast gjin tiid ha om te pisjen as dat nedich is. Fakbûnen binne tefreden mei de nije cao, mar de bussjauffeurs sjogge dêr oars nei.

Cao net konkreet

"It is yndie in akkoart, mar bliid kin ik noch net wêze", seit bussjauffeur en ûndernimmersriedlid Iepenbier Ferfier Binne Sjonger fan it Hearrenfean. "Der sitte noch sa'n soad ûndúdlikens yn, saken binne te faach omskreaun." Ien fan de saken dy't yn de nije cao stiet is dat de bussjauffeurs 8,3 prosint mear lean krije oer in perioade fan trije jier. "Dat klinkt hiel konkreet, mar dat wurdt útsmard oer in langere perioade en ik freegje my ôf oft se rekken hâlde mei ynflaasjekompensaasje", seit Sjonger.

Sanitêr skoft

De tiid dy't der is om in sanitêr skoft te hâlden, fynt Sjonger kryptysk. "Wês dúdliker dêryn. Der stiet no yn dat sjauffeurs 'de mooglikheid jûn wurde moat om eventueel in plaspauze te jaan'. Dat hie gewoan dúdliker opskreaun wurde moatten. "Ek oer de tûzen útstjoerkrêften dy't in kontrakt krije set Sjonger fraachtekens. "Dat heart miskien hiel moai, mar tusken no en trije jier gean der ek tûzen minsken út dy't mei pensjoen sille, dus ûnder de streep makket dat neat út. Op sosjale media hear ik dit lûd ek by oare bussjauffeurs."

De útkomsten fan de cao wurde ynkoarten foarlein oan de leden fan it fakbûn. Sa't it no liket, sil in grut part nee sizze tsjin de útkomsten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)