Kolleezje Harns wol trije miljoen euro foar nije steger

16 jan 2018 - 13:52

It kolleezje fan Harns freget de gemeenteried om hast trije miljoen euro foar in nije steger yn de fiskerijhaven. De hjoeddeiske steger is neffens it kolleezje oan ferfanging ta. Njonken de kredytoanfraach hat it kolleezje ek in fersyk by it Waadfûns yntsjinne.

Betonnen steger

De gemeente Harns is al sûnt 2010 yn petear oer it ferfangen fan de âlde steger. Der soe in nije betonnen steger foar yn it plak komme moatte, dy't foldocht oan de hjoeddeiske easken fan de fiskers.

Der waard al earder in oanfraach yntsjinne by it Waadfûns, mar dy waard net takend. De gemeente ferwachtet dat dat diskear wol barre sil. Yn febrewaris wurdt it ûnderwerp yn de ried behannele.

Trefwurden: 
Harns steger haven
(advertinsje)
(advertinsje)