Ferbod op pulskfiskerij, klap foar guon Fryske fiskers

16 jan 2018 - 13:21

It Europeesk Parlemint hat tiisdeitemiddei stimd foar it ferbieden fan de pulskfiskerij. Dat betsjut in flinke klap foar guon Fryske fiskers, dy't dit spesjale fisktúch op harren boaten hawwe. Pulskfiskers jeie de fisken mei lytse elektryske skokjes fan de boaiem fan de see.

Neffens de fiskers is dizze technyk better foar de boaiem, om't der gjin swiere kettingen brûkt wurde. Yn totaal hawwe 84 Nederlânske seekotters op it stuit in tydlike fergunning om op de Noardsee te fiskjen mei elektroaden mei swakstroom.

Unbegryplik

Neffens minister Carola Schouten fan Lânbou is it ûnbegryplik dat it Europeesk Parlemint in ferbod easket. ''Het lijkt erop dat emoties en sentimenten hebben gewonnen van feiten en resultaten van onafhankelijk onderzoek'', neffens Schouten. ''Dat is geen goede zaak. Wij zullen ons fel verzetten tegen een verbod en uiteraard blijf ik de belangen van de Nederlandse pulsvloot verdedigen.''

Keamerlid Jaco Geurts fan it CDA hat in debat oanfrege mei minister-presidint Rutte en minister Schouten oer de sosjale en de ekonomyske gefolgen.

(advertinsje)
(advertinsje)