Bergingswein klapt tsjin auto by Stynsgea

16 jan 2018 - 12:14

By Stynsgea is tiisdeitemoarn in bergingswein yn botsing kaam mei in auto. It ûngelok barde op de krusing fan de Bûtenwei en It Oast. Nei alle gedachten seach de automobilist de oankommende wein oer de holle. By de botsing is gjinien ferwûne rekke, mar der wie wol in soad skea oan de berger en de auto.

Fanwegen it ûngelok waard de dyk in skoft ôfsletten troch de plysje.

Trefwurden: 
botsing Stynsgea auto berger
(advertinsje)
(advertinsje)