Fans Aris yn aksje foar jild

09 jun 2012 - 17:19

Fans fan Aris ha sneon besocht safolle mooglik jild yn te sammeljen foar harren basketbalklup. Sa waard ûnder oaren swommen yn de Ljouwerter stedsgrêften. De Ljouwerter klup hat grutte jildsoargen troch it fuortfallen fan haadsponsor Lasaulec. Der is op koarte termyn 150.000 euro nedich om yn de earedivyzje bliuwe te kinnen.

De Grinzer Jan Booi swom trije kilometer troch de stedsgrêften fan Ljouwert en helle dêrmei 1700 euro op. Hy is gjin Aris-fan, mar soe it skande fine as de Ljouwerters net mear op it heechste nivo spylje kinne.

Trefwurden: 
Aris Jan Booi
(advertinsje)
(advertinsje)