''Mear tafersjoch op lytse fleanfjilden net nedich''

16 jan 2018 - 11:34

Mear tafersjoch sa't de Keninklike Maresjaussee wol, is op it fleanfjild op It Amelân net nedich. Dat seit assistint-havenmaster Durk Venema fan it fleanfjild. Neffens him rinne alle flechten bûten it Schengen-gebiet al fia de dûane op it fleanfjild fan Texel. Boppedat moatte alle flechten yn it foar oanmelden wurde, sadat der in havenmaster op de toer sit en in auto fan de brânwacht paraat stiet.

Drugs- en minskehannel

Alle gegevens wurde trochjûn oan de dûane, plysje en it CBS. De dûane is dêrneist in soad oanwêzich op it fleanfjild. Op it fleanfjild wurkje ien havenmaster en trettjin assistint-havenmasters, allegear frijwilligers. De Maresjaussee pleitet foar mear tafersjoch om drugs- en minskehannel tsjin te gean. It soe no gauris foarkomme dat kriminelen frij spul hawwe op lytse fleanfjilden.

Yn 2016 waarden trije Sweden oanhâlden dy't fia de airstrip yn Drachten kokaïne smokkelen.

(advertinsje)
(advertinsje)