LF2018 op Binnenhof: "Kultuer ynsette foar fernijing"

Politisy yn Den Haach ha noch te min oandacht foar kultuer en foar Kulturele Haadstêd. 'Durf te investeren in cultuur, het is de motor van de vernieuwing,' seit direkteur Tjeerd van Bekkum fan Kulturele Haadstêd. It is syn belangrykste boadskip fan it 'Pleit fan Fryslân', in list mei 11 punten dy't er tiisdei oanbiede sil oan de Twadde Keamer. Mei deputearre Poepjes, boargemaster Crone en wethâlder Feitsma fan Ljouwert giet er nei Den Haach om dêr oandacht foar te freegjen.
Tinte op Binnenhof
Op it Binnenhof wurdt in grutte tinte opset. Dêryn is in feestlike presintaasje fan it programma fan LF2018, mar foaral omtinken foar de 'legacy': de opbringst fan kulturele haadstêd op langere termyn. Bygelyks duorsumheid en de sirkulêre ekonomy, ynnovaasje, natoer-ynklusive lânbou en de ûntwikkeling fan talint yn Fryslân. Neffens Tjeerd van Bekkum is der al in pear jier in beweging geande yn Fryslân, dy't him ferspriede moat oer it hiele lân. Hy neamt as foarbyld it festival 'Welcome to the Village' dat yn fiif jier tiid útgroeid is ta it belangrykste festival oer duorsumens en ynnovaasje.
Kultuer ynsette foar fernijing
Van Bekkum seit dat kultuer in middel is om fernijing oan te jeien. Hy nûget elkenien, en spesjaal de politisy, út om dit jier nei Fryslân te kommen om kulturele haadstêd mei te meitsjen.
De oanbieding fan it 'Pleit fan Fryslân' oan de Twadde Keamer is tiisdeitemiddei tsjin twaen. Woansdeimoarn praat de keamerkommisje fan ûnderwiis, kultuer en wittenskippen oer it programma fan LF2018. De tinte op it Binnenhof bliuwt twa dagen stean en is frij tagonklik. Kommissaris fan de Kening Arno Brok en guon boargemasters gean ek nei Den Haach. Jûns is der in diner.