Skoalfúzje Steggerda en De Blesse earst fan de baan

© Omrop Fryslân
De foarnommen fúzje tusken de basisskoallen fan Steggerda en De Blesse giet foarearst net troch. De gemeenteried fan Weststellingwerf soe dit jier in beslút nimme om iepenbiere basisskoalle De Triangel yn Steggerda op te heffen en fusearje te litten mei de iepenbiere Doarpsskoalle yn De Blesse. Mar no docht bliken dat de âlden net op ien line sitte.
De meisizzenskipsried fan De Triangel hat dêrom op de rem trape, ta ferbjustering fan de gemeenteried. Dy wol no earst útsocht ha wat der krekt oan de hân is, foar't se in beslút nimme.